DOWEN Poem by Albertina Soepboer

DOWEN

Hie it hoeden west, miskien hie it net
de rigels fan ús noateskrift skansearre.

It requiem waaide fan 'e flat, ôfdwaalde
fûgelkloft út de triedden om it bytfabryk.

Frissele frijden wy yn azem sûnder fleis.
In hûs fan stien streamde fol, bruts ôf.

It reinde wer. Ik harke nei de twa dowen
yn ús bline stege, fuorre har de triennen.

COMMENTS OF THE POEM
READ THIS POEM IN OTHER LANGUAGES
Close
Error Success