IK WOL DE SFEAR NET FERPESTE Poem by Elmar Kuiper

IK WOL DE SFEAR NET FERPESTE

myn potlead stammet ôf fan in beam.

ik neam dyn namme, do stapst
út in skiere wrâld
en komst fleurich op my ta.

in fûgel knip ik út in boekje.
in fûgel plak ik yn in reade loft.

ik freegje dy:

wêrom sjongt in ljurk oan 'e himel
moaier
as in hûsmosk ûnder de pannen?

do seist:

"nifelje leaver wat om no't mûzels basten befolke
en gleie rûpen de tûken strippe. my kinst net reitsje
ek al sabelje tûzen beammen mei búkgryp om."

ik sjong in blierhertich ferske
slypje de snaffel oan in heldere stien.

ik neam dyn namme
dyn skerpe mûle leit it near
op dit fodsje papier.

myn potlead stammet ôf fan in sike beam.

ik slypje de punt
de punt slipet dy.
in útknipte fûgel rûkt nei plakkersguod.
in ferknipte fûgel kin net fluitsje.

bisto dy fûgel?
do bist dy fûgel.

dat antwurd tekenet my.

COMMENTS OF THE POEM
READ THIS POEM IN OTHER LANGUAGES
Close
Error Success