KARNAVAL Poem by Nyk de Vries

KARNAVAL

In donkere wein kaam oanriden en in lyts famke stapte út. Se krige in taske oanrikt en fleurich ferklaaid as clowntsje rûn se it skoalplein oer. Yn 'e skoalle die lykwols bliken dat karnaval pas oare wike wie. It famke wie as iennichste sminkt en de hiele moarn moast se treasteleas gûle. Tsjin trijen kaam har mem om har wer op te heljen. Dy skrok raar doe't se it ferhaal hearde en wiidweidich en mei triennen yn 'e eagen fertelde se wat der dy moarn allegear ferkeard gien wie. Se hie miskien mar better swije kind. Dingen útlizze, dat kinne we allegear hiel goed.

COMMENTS OF THE POEM
READ THIS POEM IN OTHER LANGUAGES
Close
Error Success