Ik wurd wei tusken loft en wyn
in dof ljocht om't ik net skyn
fergetten foar de iere moarn
net west, dus ek net stoarn
Wat is it dochs, it wêzen
tusken wetter en beferzen
floeiber, fol fan libben
as glêde kâldens yn it stribben
Ik ferdwyn tusken see en strân
nimmen fielt dy wiere bân
en sa yn it moanneljocht
ferdampe en ek net socht
September 9,2013
This poem has not been translated into any other language yet.
I would like to translate this poem