Roekelân
Syn wite hals is dy ta bút;
Ik pik syn blauwe eagen út.
In lokke fan syn gouden hier
Is foar ús nest in tek en sier!
Yn 'e lege, lette middei kamen wolken foarby
riden. Ik hong tsjin it tsjerkestek oan. De hannen
blau fan 'e kjeld yn 'e bûse en ik song. Hark,
de hjerst komt, de wynswipe giet troch de beammen.
De roek op it stek gluorke al nei my. De rein
bedobbe it hastige sykheljen yn grize tekkens.
Swit ûnder myn reinjas. It swarte each waaide
tichterby. Myn skaad line tsjin in âlde muorre.
Op 'e wyn draafden fuotten troch de buorren.
It plak ûnder de beam om op 'e hurken te sitten,
te pisjen. Myn holle sakke nei de grûn ta. Hark,
de wylde stoarm is kaam, bolderet yn 'e loft.
Dan de swiete rook dy't troch de doar dreau,
net teplak te bringen. Ik sette de finger yn 't kier
fol waarmte. De sekonde dat ik seach. De kop
al los fan 'e hals, in plasse bloed, it deade each.
Hoe faak wie it noch fiif oere, sloech de klok.
Letter fûn ik de stege, de slachterij en de bern
dy't yn stilte fan nachtroeken sjonge. Hark,
de lange rein is kaam, de wyn gûlt wer yn it rút.
Flearlân
Heks, heks! âlde heks!
Kom ris út dyn herntsje!
Ut dyn herntsje yn 'e bosk!
Alde heks mei oardel tosk,
Pak de lytse berntsjes!
De maitiid seedampte oer de greiden.
Yn it hok lake ús knyn. Ik socht om gers,
farsk gers dat oeral de ierde útwoeks.
Achter my stienen se noartsk op 'e wyn
te swijen. Har flearbloesems hongen goar
wyt yn 'e rein. Ik tikke op 'e âlde bast.
It wie har gesicht dat yn 'e djippe nerven
nei foaren skode. Ik draaide my gau om,
mar se hie de wurden heks, heks al lispele.
Yn 'e neisimmer plukte ik de flearstrusen,
liet se yn 'e amer rûgelje oant myn hannen
bloedread foar myn famkesliif hongen.
Wie sy it dy't sei dat ik âlder wurde soe,
dat it tsjuster wie, beskamsum. Ik draafde
de soelsâlte greiden yn om neat te hearren.
Mar de tiid foel om, de flear waard útsean
op it fjoer. In frjemde tee mei huning
dy't myn swierreade búk op 'e kop sette.
Dy nacht flústere de heks yn 'e beam, liet
har skaad foar de moanne hingje. Oant ik
koarjend belies joech, myn liif rûn woeks.
Fierlân
Suze nane poppe
Berntsje leit yn 'e groppe
Heit en mem sa fier fan hûs
Kin se net beroppe
Op 'e fyts mei griene learzens.
Donker ferskynt it lân ûnder my,
in wurdleas teken fan wat ik net
beneame kin. Beide witte wy dat
ik frjemdling bin. Us talen swije.
Wat ik myn taal noch jaan kin,
komt nachts foarby. De mûle fol
mei sitroenfla. Us pake dammet,
ús beppe hinget wask oan linen.
Yn 'e greiden rinne happes om.
It begjint yn 'e rook fan rjappel-
gif. De wurden net mear te finen.
Yn it blikkerjende ljocht fjochtet
in man tsjin syn wynmûnen. Lân
dat weiwurdt ûnder spinreach.
De blauwe stânbyldman swalket
yn 'e fjilden. Ik rop syn namme,
dol mei him de woartel út 'e grûn.
Otter dy't nei bûten ta streamt. Wy
sprekke net mear yn 'e nowrâld.
Yn it tsjuster leit er trochsichtich
tsjin my oan, jankt as in grize wolf.
Wûne dêr't ik in oare taal op plak.
Lân dat beneamber wurdt. Letter
is dat wy wer frjemdlingen wurde.
This poem has not been translated into any other language yet.
I would like to translate this poem