DECEMBER IS THE COOLEST MONTH Poem by Albertina Soepboer

DECEMBER IS THE COOLEST MONTH

Net earder hie de moanne roetkâld west.
Foar him kocht ik keningsblauwe moffen.

Us earste dei spile er Satie. Lok wie it,
in finsterbank, tsien fingers yn 'e romte.

Hannen fleagen oer houtdonker en ivoar,
wjerljochten op iiskristal. De toan ûntstie.

Sa't wy dêr doe letter foar it rút stienen.
Wyt, wintermuzyk wienen wy, waarm ek.

COMMENTS OF THE POEM
READ THIS POEM IN OTHER LANGUAGES
Close
Error Success