1
Seeljocht ploeget lân en
De sielsferlitten lichten fan
Dizze sleine kust wize in dwaalwyn
Krekt it paad nei in griene timpelflier ûnder
In sleep op beafeart giene wolken, leauwige fûgels
Oan de blauwe finsters
Yn 'e loft, dreamend fan in fisk
Of fiif, bôlen twa, it stille kôgjen.
In wite see spielt hjir oan 'e ein fan syn hjoed
Woeste wêzen oan, wylde ein fan alles dat men jin
As takomst tinke koe;
Sulverfarsk ploege seegrize
Fuorgen, dy't foar in fan skuorren reade,
Swartrikjende trekker mei in man swimmend yn
In glêzen kabine útweagje, snije, oan leech en
Stêd Niks foarby, de kym.
Seefûgels - de wite eagen
Fan noartske klaai - behaffelje de tiid
Syn raffelige einen, de fette wjirmen,
Dy't krektlykas de dea net it deiljocht net fernearje.
2
Ljocht en dei ferrane
As bline leavjenden, neaken
As de see, wyld as de weagen strânjend
Yn eagen dy't eagen it tinken benimme.
En fan fier, wyn yn 'e wol, gersfrettend, de winterskiep
Under gysten stirnzen,
Seefûgels boppe it floedmerk -
It kymstrakke twaspoar fan earmoed en
Ferlittenens (gesicht dat it witten ûntstrûpt),
Iensume jacht fan 'e skraits yn pûsters tebeksetten.
Tusken de blauwe kust
Fan it westen en de grize
Herne fan it grimmitich noarden rint,
Ut it lead hingjend troch de gisel fan 'e wyn,
In frou mei seegriene eagen dy't fergeat om te sjen.
Op de swarte hakken
Fan 't lot (dat wiist nei in doar mei
An endless wait instead of a welcome),
Wrakselet se, nacht foar noch nei, yn it mulpunt
Fan leechte, nei neat dat har har namme tasizze sil.
3
It keal klaad fan 'e hjerst
En omkearde klaai omfetsje har
As in kraach fan swart fertriet; mar ek sy
(Suster sûnder sibben, yn wite rok, in wjok),
Ferdwynt mei in keppel rotguozzen efter de dyk, sjoch
Dêrre, efter har stim,
Dy't fabelbisten betsjoenet.
En - hear ris - de slûswachter Westnoardwest,
Dy't syn hûs ôfbrekt en de stiennen de slûs yn smyt
Om, o leafdeleaze moannne, it springtij te kearen,
Sa ûnheuglik lang lyn,
Dat it alle seefolk ûntskeat
Hoe't de see de pannen op 'e souder
Yn santjinsantjin of achttjinfiifentweintich
Utslikket, tongen trochslokt, lodden nei it hôf bringt, of
Slykwurker Tuskentij,
Waans abdij fan lân, see en loft
In timpel fan inkeld adem is, dy't
De siel al salvet mei lange sangen, mantra's,
It bonkich lân fermoedsoenjend mei de geast syn sompen.
4
Ier út skulpen skepen,
De kyl fan syn swartskommich skip
Djip troch ferdrinkende seenacht snijend,
Sprekt in âld-kaptein mei in fersâne each dat,
Fiskjend tebeksjocht nei de ferlanning fan 'e havens,
It fûne bonkerak,
It romhertich ynlitten fan
Glêsiel dy't dwers troch Atlantis seach om
Skier te wurden tusken swiet reid, dêr't de fûken
Yn ûngenedige nacht op de moanne útrûnen.
Mei ynmoed en heal sicht
Naam er de striekeapman mei oan
Board, om op see te fiskjen by it fier
Ut 'e kust lizzend eilân, dêr't sy de kninen
Op kneppelen ûnder it slaan nei aaisike fûgels.
Mei de fisk oanlannich
Skommen de kannen op tafel
De nacht fan strippen en ljisklearzens út,
Wylst de wyn him út 'e wolken fike fluiten
Oan 'e lippen hinge en him de tonge fleane liet:
5
En mei wite wjok slacht
In twirre yn de soargjende
Rok om foar de iepensteande doar fan
Dat lêst neareagich hûs foar leech en Stêd Niks noch;
Stof stoot út in matte en ôfkeard sjogge tosken wyt
De swarte ekers oer,
Nei dûnkerkantige wolken,
Lústerje: ‘Theo' (mei libbenslange
Lústerje: ‘Theo' (mei libbenslange
No't mei swarte hakke de foardoar wytskrokken tichtslacht.
Op it ploege dak waait
Seeljocht oer Fenusskulpen en
Sjocht de droege souder noch de swarte
Fuorgen fan 'e weagen ûnder wynploegjende
Guozzen, in friesnacht, dêr't gjin siel in hiem yn fine sil.
This poem has not been translated into any other language yet.
I would like to translate this poem