Yn syn stoffich hôf fan oliven mei it sicht op it grêf
Fan syn soan yn 'e bedelte, stie in iere fisker
Him de netten fan in deadsk ferdobbere nacht te druien.
Ut 'e djipte fan 'e delling kraaiden heaze hoannen
Ljocht omheech en deun oan it paad del nei de see teknipten
Sikaden it net fan 'e stilte om it hûs fan heit
Op soan, dêr't de yntroude frou yn sliepte noch en dreamde
Fan har man, de tiidbline fisker, dy't in hammer (de
Hammer, wist er, dêr't syn soan it ynsakke dowehok mei
Makke, ea) beetpakte om troch te bouwen oan syn boat.
Oan fjurre se him mei út 'en djipsten lossleine driften,
Hoartend en stjittend oan it sonken anker fan 'e sliep.
En mei de dea yn 'e rêch jage de gleone fisker him
It swit út 'e hûd en, o op hout en dream klopjend hert,
De swarte netten dy't blanke skonken fongen út in tins.
Neil nei neil sloech er troch gongen, ynhout, tiid en triennen,
Troch triennen dy't de tiid ferspielden ta de see fan syn soan
Yn 'e bedelte, in riizjende see, dêr't syn eilân,
Fan kriezjende seefûgels hjitfolge, as in grien útslein
Skip de weagjende ieuwen troch yn omfear mei brutsen
Bergen, yn wetter dat yn wolken himel yn ierde seach.
Sy seach hieltyd wer de huveringen fan 'e skerte
Fan 'e ierde yn syn gesicht bywannear't syn eagen fier
Yn har útfearen en har de romp fan de ranke siel
Lekstompten, lykas no; en hy draaide him nei har ta, lei
De hammer del, sei sêft farwol tsjin it dowehok en
Wurke troch, beseach de tosken fan syn seage (dy't blonk) en
Om't se de skerpte fan 'e seage talaken seach sy
Syn tosken en yn it blauwe stiel fan syn eagen de see -
Yn syn spegelbyld ûntbleate de sinne har ferlet.
En it skaad fan byldhoude olivebeammen rûn troch har
Dream as griene oalje nei de leidich krûnkeljende
Stammen werom om oan de oare kant wer út te rinnen
Yn in langliddich ljeppen fan seekatten, of njirren.
Fûle halen fan in sjongende seage krongen yn har
Meigeand sykheljen, de okeren kust fan har fleis. En
Willich fiskersswit streamde by de boat wei, streamde mar troch,
Del nei de see, nei har gesicht dat him fersulvere.
Underwurpen oan de hammerslaggen fan in boat fol bloed,
Dy't mei roeispieren tsjin 'e stream fan 'e kiel yn bealge:
It hert. Oerjûn oan de wil fan 'e tiid dy't earst yn himsels
Yn folle genede ûntweitsje soe, as ek ûnwil
Fan in taknipende romte, dy't yn himsels datjinge
Beethold dat gjin genede koe: de lea. En de narre
Neilen krûm as hoarnen, op libben en dea wrakseljend nei
Toarre hichten, ûntwyk fan 'e stienbok, de mytyske
Arke yn ivige snie, de sinne syn flymjende priem,
Helferljochte himel, briek it magma út 'e ierde.
De see huvere en bûle, giele boechsprieten, giken,
Gaffels, mêsten swypken byinoar op, betizen har
Yn in swart kabelnetwurk fan stagen, skoaten en fallen,
Linen, slingerjend tsjin in loft fan gruzich oranje.
Ut de hege inketblauwe rêch fan 'e see ûntflechte,
Sulver, sabelfoarmich, twa oan twa, in skoalle fisken
Sûnder kop dy't fertrille yn in skodzjen dat net ophold.
Wylst it roet reinde út de himel syn skimerwolken,
Besprongen de batske rêgen fan 'e see de fuotten fan
Bergen, heuvels, dêr't de deaden yn har kisten trillen.
Eefkes skrillen de skombekken fan 'e weagen tebek foar
It krús mei de foto fan in meagere jonge mei
In fealread sporthimd en in brede halter boppe de macht,
Yn 'e bedelte, dêr't de heuvel kantele en sonk.
Ta de weisinkende krunen fan olivebeammen út
Kaam al silend it wyt bonkerak fan in fiskersboat
Mei in roer as in hammer en in folblaasde overall,
Sûnder fisker, en in frou fan sâlt dy't ferwyldere
Omseach nei eat dêr't it eilân west hie, foar it kerlich ljocht.
Dêrboppe - de kop fan in deade iisbear - de moanne.
This poem has not been translated into any other language yet.
I would like to translate this poem