IK DOEK YN IN BAAI Poem by Nyk de Vries

IK DOEK YN IN BAAI

Ik doek yn in baai. Ik doek yn in baai dêr't it wetter sa troebel fan wie dat ik gjin hân foar eagen seach. Ik doek djipper. Ik swom oant ik ljocht ûntduts, my omheech joech en boppe kaam yn in lytse mar. Op 'e kant siet in man. Syn hier wie griis, de eagen hie er ticht. De hannen hâlde er gear yn 'e skurte en pas doe't ik hiel tichtby wie, seach er op. Ik leau net dat er skrok. Hy wie ek net tryst. Hy sei: ‘Dit is no wiisheid. In moai hûs sil ik der net fan keapje. In goeie wein likemin. Mar op in dei hoopje ik der in krab fan te tekenjen. De moaiste krab dy't men oait yn 'e wrâld seach.'

COMMENTS OF THE POEM
READ THIS POEM IN OTHER LANGUAGES
Close
Error Success