PLAZA ST. ANA Poem by Nyk de Vries

PLAZA ST. ANA

Lisa seach frijwat soarchlik en even tocht ik dat se wat belangryks fertelle woe, mar foarby de bistetún wie se al wer fleurich. Wy rûnen troch nei it sintrum en dy jûns dienen we mei oan in dûnswedstryd dy't we ta ús fernuvering glânsryk wûnen. It wie in knotsgek festyn. Der stie in iepen wein klear en nei in bolbjirken tocht waarden we ôflevere op 'e Plaza St. Ana. Dêr reinde it konfetty en op in stuit lei ik mei de bokaal yn in fontein en besocht tsien minuten de holle ûnder wetter te hâlden. Ik wit ek net krekt mear wêrom't ik dat die. It like op dat momint it bêste om te dwaan.

COMMENTS OF THE POEM
READ THIS POEM IN OTHER LANGUAGES
Close
Error Success